From Wikipedia, the free encyclopedia
It Lemsterlânsk is de foarm fan it Súdwesthoeksk, in Frysk dialekt, sa't dat sprutsen wurdt yn it eastlike part fan 'e eardere gemeente Lemsterlân, yn 'e doarpen Bantegea, Eastersee-Buorren, Eastersee-Giterskebrêge, Ychten, Ychtenbrêge en Dolsterhuzen.
Lemsterlânsk | ||
algemien | ||
eigen namme | Lemsterlâns | |
lânseigen yn | Nederlân | |
tal sprekkers | ±3.500 | |
skrift | Latynsk alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Germaansk ● Westgermaansk ● Noardwestgermaansk ● Frysk ● Westerlauwersk Frysk ● Súdwesthoeksk ● Lemsterlânsk | |
dialekten | gjint |
Under ynfloed fan it oanswettende Nedersaksyske Stellingwerfsk, of mooglik troch in njoggentjinde-iuwske ynfloed fan Giterske feantsjers, wurde dêr wurden dy't mei in "g" begjinne net útsprutsen mei de "hurde" [ɡ] (fan "goed"), sa't dat yn it Frysk gebrûklik is, mar mei de [x] (fan "berch"), dy't yn it Standertfrysk net oan it begjin fan in wurd foarkomme kin. In oar skaaimerk fan it Lemsterlânsk is dat it de oarspronklike "b" yn "hawwe" beholden hat, sadat de lju dêr fan habbe sizze.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.