From Wikipedia, the free encyclopedia
Landsberg oan de Lech (Landsberg am Lech, meast allinne Landsberg neamd) is in plak yn de Dútske dielsteat Beieren dat oan de rivier de Lech leit. It is de Kreisstadt fan it Landkreis Landsberg am Lech. Landsberg hat in goed bewarre bleaun stedssintrum, mei in barok riedhûs oan it âlde merkplein. Mei de goed bewarre midsiuwske bemuorring hat de stêd in pitoresk karakter.
Landsberg oan de Lech (stêd) | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Dútslân |
Dielsteat | Beieren |
Landkreis | Landsberg am Lech |
Sifers | |
Ynwennertal | 28.708 (2015) |
Oerflak | 57,89 km² (ynkl. wetter) |
Befolkingstichtens | 500 / km² |
Hichte | 587 m |
Oar | |
Stifting | Stedsrjochten 13e iuw |
Tiidsône | UTC+1 |
Simmertiid | UTC+2 |
Webside | Webstee fan de stêd |
It sintrum leit op de eastigge fan de Lech tsjin in hichte oan. Op 't heden leit Landsberg op beide iggen fan de Lech.
Landsberg waard bekend meidat Hitler dêr fêst siet nei syn mislearre putsch. Yn de finzenis fan Landsberg skreau er Mein Kampf. Under Landsberg wie yn de Twadde Wrâldoarloch in konsintraasjekamp dat troch de Amerikanen bevrijd waard. Dat barren waard yn de telefyzjesearje Band of Brothers sjen litten.
Landsberg leit oan de Romantische Straße. Krekt foar't de Lech Landsberg yn komt, is in keardaam boud; sadwaande hat de Lech streamop mear fan in mar as fan in rivier. Yn Landsberg sels hat de Lech wer de breedte fan in rivier. Op 'e hichte fan it sintrum leit in wetterfal yn de Lech.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.