Lahn
From Wikipedia, the free encyclopedia
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Lahn is in 242 km lange rjochtersydrivier fan de Ryn yn Dútslân. Hy rint troch Noardryn-Westfalen (23,0 km fanôf de boarne), Hessen (165,6 km) en Rynlân-Palts (57,0 km oan de mûning).
De Lahn ûntspringt ûnder de top fan de Lahnkopf (Rothaarberchtme) op in hichte fan 628 meter, yn it súdeasten fan Noardryn-Westfalen oan de grins mei Hessen. De rivier rint earst nei it easten nei Caldern ta. By Cölbe rint de Ohm yn de Lahn út. Dêr feroaret de Lahn syn streamrjochting fan east nei súd. By Gießen rint er fierder nei it súdwesten. Under Wetzlar mûnet de Dill yn de Lahn út.
Nei Wetzlar wurdt de delling fan de Lahn smeller. By Weilburg komt de Weil yn de Lahn út en krekt foarby Diez foeget de Aar him by de Lahn. By Lahnstein mûnet de Lahn op in hichte fan 61 meter út yn de Ryn.
De rivieren de Aar, Dautphe, Dill, Kerkerbach, Elbbach, Emsbach, Gelbach, Mühlbach, Ohm, Perf en Weil rinne út yn de Lahn.
De Lahn streamt by de stêden Netphen, Bad Laasphe, Biedenkopf, Marburg, Gießen, Wetzlar, Weilburg, Runkel, Limburg a.d. Lahn, Diez, Fachingen, Balduinstein, Laurenburg, Obernhof, Nassau, Bad Ems en Lahnstein del.
List fan al sydstreamen fan de Lahn, harren plak oangeande de haadrivier (l = lofts; r = rjochts) en langte yn kilometers:
Boarne oant Marburg:
|
Marburg oant Wetzlar:
|
Wetzlar oant Limburg:
|
Limburg oant Lahnstein:
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Lahn fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.