Lâningte fan Perekop
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Lâningte fan Perekop (Oekraynsk: Перекопський перешийок; transl.: Perekops'kyy pereshyyok; Russysk: Перекопский перешеек; transl.: Perekopskiy peresheek; Krimtataarsk: Or boynu) is in lâningte tusken it skiereilân Krim en it fêstelân fan de Oekraïne. It is neamd nei it plak Perekop dat op de lâningte leit. De streek is tusken de fiif en acht kilometer breed en leit tusken de Swarte See fan de See fan Azov.
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/e/e8/Isthmus_of_Perekop_map.png/320px-Isthmus_of_Perekop_map.png)
De grins tusken de Krim-republyk en de Oblast Kherson rint troch it noardlik part fan de lâningte. De plakken Perekop, Armiansk, Suvorovo en Krasnoperekopsk lizze op de lâningte en der rint in kanaal troch de lâningte foar de wetterfoarsjenning foar it skiereilân fan de Krim.
Súdlik fan de lâningte sit in sâltôfsetting dy't fanâlds út wichtich wie foar de ekonomy fan it gebiet.