From Wikipedia, the free encyclopedia
Kutná Hora (Dútsk: Kuttenberg) is in stêd yn Tsjechje yn de regio Midden-Bohemen. De stêd leit likernôch 70 km. eastlik fan de haadstêd Praach en hat 20.653 ynwenners (2020).
Kutná Hora | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Tsjechje |
Kraj | Midden-Bohemen |
Sifers | |
Ynwennertal | 20.653 (2020) |
Oerflak | 33,05 km² |
Hichte | 254 m. boppe seenivo |
Oar | |
Stifting | 1289 |
Tiidsône | UTC+1 |
Simmertiid | UTC+2 |
Webside | kutnahora.cz |
It histoaryske sintrum fan de stêd stiet mei de Barbaratsjerke en it ûnder de Alderheljentsjerke lizzende ossuariuim fan Sedlec (Tsjechysk: Kostnice Sedlec), in pear kilometer bûten it sintrum fan Kutná Hora, op de wrâlderfgoedlist fan UNESCO.
De oarsprong fan de stêd is sûnder mis Dútsk en giet werom op de stifting fan it sistersjinzerske kleaster Sedletz. De muontsen fan it kleaster kamen fan de abdij Waldsassen by Regensburg. Neffens in oerlevering soe ien fan de muontsen by syn wurk op de wynberch it earste sulver fan de stêd ûntdutsen ha en om it plak werom te finen lei de muonts dêr syn Kutte del, it Midheechdútske wurd foar it habyt. Sa soe de lettere Dútsktalige namme 'Kuttenberg' ûnstien wêze. De ûntdekking fan sulver soarge fanôf 1260 foar in migraasje fan Dútske mynwurkers, dy't harren op it plak nei wenjen wetten. De minen leine fuort ûnder it gebiet fan de delsetting; twa rosmûnen yn it stedsgebiet herinnerje dêr tsjintwurdich noch oan. In dokumint út 1326 fan in list fan magistraten hat allinne Dútske nammen en it Kuttenberger Bergmannslied út 1414 is ien fan de âldste oerlevere Dútske mynwurkerslieten.
De stêd krige nei 1300 fan kening Wenzeslaus II it rjocht munten te slaan en waard aloan riker. Nei Praach wie it de belangrykste stêd fan Bohemen. Yn 1304 belegere Albrecht fan Habsburg de stêd. Fuort dêrnei sette de stêd útein mei de bou fan fersterkings, dy't yn dielen noch bewarre binne.
De Hussitekrigen brochten Sedletz (1422) en Kuttenberg (1424) grut ûnheil. In soad bewenners waarden fermoarde en fral de Dútske befolking, dy't katolyk bleau, seach it langer net sitten en ferliet de stêd. Nei 1470 ferbettere de sitewaasje wer, mar de stêd soe nea wer boppe de klap útkomme. Wladislaus II waard yn 1471 yn Kutná Hora ta kening kroand en yn 1485 wie Kutná Hora it plak dêr't de frede tusken de Boheemske útrakwisten en katoliken sletten waard. Yn 1489 ferskynde nei de Praachske bibel (1488) de Kutná Hora-bibel, de twadde folsleine Tsjechysktalige bibel. De âldste wenhûzen fan Kutná Hora datearje fan dy tiid.
Yn it midden fan de 16e iuw ferlear de sulverwinning oan belang. Ek rekke de stêd it rjocht kwyt om munten te slaan.
De jezuïeten kamen yn 1627 nei de stêd om de befolking wer foar it katolike leauwe te winnen.
Nei twa stedsbrannen yn 1770 en 1823 feroare it oansjen fan de stêd. Tsjin it ein fan de 19e iuw ûnstie der foar it earst omtinken foar de monuminten. Yn 1961 waard de binnenstêd fan Kutná Hora beskerme stedsgesicht en yn 1995 waard de binnenstêd tafoege oan de list fan UNESCO-monuminten.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.