![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/fy/thumb/b/bc/Curly_cabinet_card_by_DF_Bary_c1885_%2528bysnien%2529.jpg/640px-Curly_cabinet_card_by_DF_Bary_c1885_%2528bysnien%2529.jpg&w=640&q=50)
Krolhier (ferkenner)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Krolhier (Ingelsk: Curly of Curley; Kriesk: Ashishishe; yn Montana, ±1856 – Crow Agency (Montana), 1923) wie in Krieske kriger dy't as ferkenner yn it Amerikaanske Leger tsjinne. Yn dy hoedanichheid wied er oanwêzich by de ferneamde Slach oan de Little Bighorn, yn 1876, wêrby't it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer in swiere nederlaach litte tsjin in koälysje fan Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho. Krolhier focht sels net mei, mar naam de fjildslach fan in ôfstân ôf waar en wie dejinge dy't as earste it berjocht fan 'e nederlaach oerbrocht oan Custer syn oerhearrigen. Neitiid groeide der in leginde om him hinne dat er de iennichste oerlibbene fan Custer syn troepen wie, mei tsjinstridige ferslaggen oer syn belutsenens by de slach as gefolch.
Krolhier (ferkenner) | ||
![]() | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Ashishishe | |
oare namme | Curl(e)y | |
nasjonaliteit | ![]() ![]() | |
berne | ±1856 | |
berteplak | yn Montana | |
stoarn | 1923 | |
stjerplak | Crow Agency (Montana) | |
etnisiteit | ![]() | |
wurkpaad | ||
berop/amt | ferkenner foar it Amerikaanske Leger | |
aktyf as | kriger | |
jierren aktyf | 1876 | |
reden bekendheid | wie oanwêzich by de Slach oan de Little Bighorn |