Kristlike Skoallemienskip Bogerman
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Kristlike Skoallemienskip Bogerman, noch altyd faak it Bogerman Kolleezje (Nederlânsk: Bogerman College) neamd, is in kristlike skoallemienskip foar fuortset ûnderwiis yn it súdwesten fan Fryslân mei de haadfêstiging yn Snits. Dizze skoalle ûntstie yn 1991 troch in fúzje fan it doetiidske Bogeman Kolleezje (earder it Bogermanlyseum) mei de Kristlike LTS Snits, de Kristlike Skoallemienskip foar LEAO/LMO "W.G. Baarda Kolleezje" en de Kristlike LHNO "De Opslach".
De skoalle hat fêstigings yn Snits, Koudum en (oant 2018) Wommels. Binnen de skoalle wurde VMBO-, LWOO-, HAVO-, Technasium-, Atheneum, VWO- en Gymnasiumopliedingen oanbean. De skoalle is ferneamd nei predikant Johannes Bogerman.