![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/fy/thumb/b/ba/Flagge_fan_de_Kro_Stamme.png/640px-Flagge_fan_de_Kro_Stamme.png&w=640&q=50)
Krieë Stamme
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Krieë Stamme (Ingelsk: Crow Tribe; Kriesk: Apsáalooke) is in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten, mei in eigen reservaat yn 'e steat Montana. Dizze stamme bestiet út etnyske Krieën (Crow) en is fêstige yn it suden fan Montana, tsjin 'e grins mei Wyoming oan. De Krieë Stamme bestiet as organisaasje al sûnt de twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw. It haadkertier is fêstige yn it doarp Crow Agency.
Fluch de feiten
Krieë Stamme | ||
Ingelsk | Crow Tribe | |
lânseigen | Apsáalooke | |
flagge | ||
![]() | ||
algemiene ynformaasje | ||
lân | ![]() | |
steat | ![]() | |
haadkertier | Crow Agency (Montana) | |
etnisiteit | Krieën | |
ledetal | 11.000 (2014) | |
oprjochting | 1868 | |
status | federale erkenning | |
erkenning | ![]() | |
reservaat | ||
reservaat | Krieë Yndianereservaat | |
lokaasje | súdlik Montana | |
oerflak | 9.340,9 km² | |
ynwennertal | 6.900 (2000) | |
offisjele webside | ||
www.crowtribe.com | ||
kaart | ||
Lokaasje fan it haadkertier fan 'e stamme yn Montana.
|
Slute
Dizze side giet oer de organisaasje "Krieë Stamme". Foar it folk dat troch dizze organisaasje polityk fertsjintwurdige wurdt, sjoch: Krieën (folk).