Kozakken yn Fryslân
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Kozakken wienen Russyske befrijingstroepen ûnder kolonel Von Rosen dy't op 18 novimber 1813 yn Fryslân ferskynden.
De prefekt J. Verstolk woe om redenen fan sûnens net oanbliuwe en waard finzen nomd. De Kozakken bleaunen oant 6 jannewaris 1814. Yn Ljouwert waard in Hollânsk-Russysk wurdboekje útjûn om de omgong wat makliker te meitsjen.