From Wikipedia, the free encyclopedia
Kor Onclin (Ljouwert, 4 desimber 1918 – Twello, 7 maart 2003) wie in Nederlânske keunstskilder yn de moderne keunst, út de twadde helte fan de tweintichste iuw. Syn styl is ekspresjonistysk en besibbe oan Cobra.
Kor Onclin waard berne yn Ljouwert. Syn mem hearde ta de feministes fan it earste oere. Syn heit wie binnenhûsdekorateur en musikus. Onclin folge in keunstoplieding oan de foarrinder fan de Akademy Vredeman de Vries yn Ljouwert.
Syn wurk waard koart foar de Twadde Wrâldoarloch eksposearre by Keunsthannel de Boer. Nei de Twadde Wrâldoarloch studearre Onclin ortopedagogyk en psychology. Oant 1978 wurke er yn De Haach as psychoterapeut en dosint op de Sosjale Akademy. Yn de jierren 70 eksposearre er yn ferskate galerys yn Nederlân.
Yn 1978 sette Onclin op Frankryk ta (Privas, Ardèche), om him folslein oan it skilderjen wije te kinnen. Nei 1981 eksposearre er benammen yn Frankryk. Syn wurk waard meardere kearen ûnderskiede. Sûnt midden jierren 80 eksposearre hy wer yn Nederlân.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.