Meinderts studearre pedagogyk, mar makke de stúdzje net dien mar begûn te skriuwen. Yn 1983 skreau hy syn earste berneboek Mooi meegenomen. Yn 1983 begûn Meinderts ek de gearwurking mei syn âlde skoalfreon Harrie Jekkers. Tegearre skreaunen se in oantal lietteksten foar Klein Orkest, kabaretprogramma’s en (berne)boeken. Koos Meinderts hat ien fan syn berneboeken, De snoepwinkel van Zevensloten, bewurke ta in berneteaterstik. Yn 2007 wie dizze foarstelling te sjen yn it Jeugdtheater Hofplein, Martin van Waardenberg foarme mei learlingen fan it Hofplein theater de cast. De lietsjes fan it stik binne skreaun troch Harrie Jekkers. Yn 2008 gie it yn it Hofplein theater de foarstelling De winterkoningin yn premiêre. Dit stik is ek skreaun troch Koos Meinderts mei lietsjes fan Harrie Jekkers.
Koos Meinderts skreau mear as tritich berneboeken. In oantal is oersetten, benammen yn it Dútsk. De yllustraasjes foar syn boeken binne makke troch syn frou Annette Fienieg. Meinderts wie mei-inisjatyfnimmer foar de Willem Wilminkpriis foar it bêste berneliet.
1983 - Tejo, De lotgevallen van een geëmancipeerde man