Konsonanteskrift
From Wikipedia, the free encyclopedia
In konsonanteskrift of abjad (/ˈæbdʒæd/) is in skrift dêr't, ta tsjinstelling fan wiere alfabetten, elts symboal of glyf foar in konsonant stiet en dêr't de lêzer sels de gaadlike fokaal by lêze kin. Yn saneamde ûnsuvere abjads komme wol opsjonele diakrityske tekens, of in beheind tal fokalen, of beide foar. De namme abjad (أبجد) komt fan de earste letters fan it Arabysk skrift, dy't mei de a, b, j en d oerienkomme. De folchoarder (abjadī) fan Arabyske letters kaam eartiids oerien mei dy fan de âldere Fenisyske, Hebriuwske en Semityske proto-alfabetten: alef, bet, gimel, dalet.