Konseptuele keunst
From Wikipedia, the free encyclopedia
Konseptuele keunst (conceptual art) is in keunstfoarm wêrby't de ideefoarming oftewol it konsept, it om-en-by (environment), it barren (happenings) en/of de útfiering (performance) de gearstallende dielen binne. It kin sa wêze dat de konseptuele keunstner stribbet nei befrijing fan de keunst út har tradisjonele binings, sadat keunst en libben in ienheid foarmje kinne soene en de barrières tusken de ferskillende disciplines opdoekt wurde. It wurk fan sokke keunstners wurdt faak 'ynstallaasjes' neamd.
![]() |