Koergan
From Wikipedia, the free encyclopedia
From Wikipedia, the free encyclopedia
Koergan (Russysk: Курган) is in stêd yn Ruslân. It is de haadstêd fan de oblast mei deselde namme. De stêd leit yn it súdwesten fan Sibearje] oan de rivier de Tobol op sa'n 1970 kilometer eastlik fan Moskou. Koergan hat in oansluting op it trans-Siberische spoar.
Koergan | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Ruslân |
Oblast (prov.) | Koergan |
Sifers | |
Ynwennertal | 304.727 (2022) |
Oerflak | 393,03 km² |
Befolkingstichtens | 774,7 ynw./km² |
Hichte | 75 m (sintrum) |
Oar | |
Stifting | Stifting: 1680 Stêd: 1782 |
Tiidsône | UTC +5 |
Simmertiid | gjin simmertiid |
Koördinaten | 55° 26' N 65° 20' E |
Webside | kurgan-city.ru |
De stêd waard yn 1662 stifte as it fort 'Tsarjovo Gorodisjtsje' ("Tsarestêd"), in grinspost om it lân te beskermjen tsjin de nomaden. By de oanfallen waard Tsarjovo Gorodisjtsje in pear kear plondere en platbaarnd. Tsjin it ein fan de 17e iuw ferhûze de delsetting 8 kilometer de stream ôf. It fort bestie yn it midden fan de 18e iuw út de âlde stêd yn it houten kremlyn en in nije stêd mei in stedsmuorre, bolwurken en in grêft. Troch't it ryk him fierder útwreide en it plak gjin grinspost mear wie ferlear it de ferdigeningsfunksje. Yn de jierren 1760 waard it fort ôfbrutsen en yn 1782 krige it plak syn hjoeddeiske namme en de status fan stêd.
De namme Koergan is ôflaat fan in grutte grêfheuvel, Tsjarjov koergan, dy't net fier fan de oarsproklike delsetting leit. De stêd waard in plak foar ferballe politike finzenen. In soad dekrabristen en Poalske nasjonalisten fan de opstân 1836-1864 wennen yn Koergan. Yn 1895 bestie hast de helte fan de sântûzen ynwenners fan de sted út politike ballings.
Sûnt healwei de 19e iuw waard Koergan in hannelssintrum foar lânbouprodykten. Troch de oansluting op it trans-Sibearyske spoar yn 1893 koe ek de yndustry groeie en it tal ynwenners woeks oan. Yn 1917 hie de stêd al 40.000 ynwenners en hast 60 bedriuwen.
Yn de Twadde Wrâldkriich ferhûzen in soad bedriuwen út it westen fierder Ruslân yn, sadat Koergan noch mear yndustry krige. Yn 1943 waard Koergan de haadstêd fan de nije oblast Koergan. Yn de jierren 1950 waarden grutte fabriken boud, dy't tsjintwurdich it stedsbyld behearskje.
Koergan hat sa'n 80 grutte en middelgrutte bedriuwen. Masjinebou en de produksje fan boumaterialen binne sterk fertsjintwurdige. De stêd hat goede ferbinings mei twa stasjons, in oansluting mei it trans-Sibearyske spoar en in lofthaven.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Koergant fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.