From Wikipedia, the free encyclopedia
Koarnwertersân is in lyts doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, oan de knik yn de Ofslútdyk. It doarp hat likernôch 26 ynwenners (2004). Oant 2011 lei Koarnwertersân yn de eardere gemeente Wûnseradiel. Oarspronklik wie it in wurkeilân, dat foar de bou fan de Ofslútdyk oanlein waard op de sânplaat mei deselde namme dy't yn de Sudersee lei.
| |||||
Gemeente | Súdwest-Fryslân | ||||
Ynwennertal (2004) | 26 | ||||
Webstee |
Tichtby Koarnwertersân lizze de Lorentzslûzen, in stelsel fan spuislûzen en in grutte en lytse skutslûs. Mei de Stevinslûzen behearskje se it wetterpeil fan de Iselmar, en dêrmei ek fan it efterlân. It wetter fan de Iselmar wurdt spuid op de Waadsee.
Dat waard fan militêre betsjutting achte yn ferbân mei ynundaasjes. Dêrom is yn Koarnwertersân in stelsel fan kazematten oanlein dat de slûzen beskermje moat. Hjir is yn de Maaiedagen fan 1940 fûleindich fochten; it hat de ienige Nederlânske stelling west dy't hoekhold tsjinoer de Dútsers.
Koarnwertersân mei de slûzen en kazematten falle ûnder de beskerme steds- en doarpsgesichten yn Fryslân.
Troch dit plak rint de Jeropeeske kuierrûte E9, ek wol North Sea Trail of Deltapaad neam. De E9 rint lâns de kust fan Portegal nei de Baltyske steaten.
Ofslútdyk, Slûswei.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.