Kleärchus fan Sparta
From Wikipedia, the free encyclopedia
Kleärchus fan Sparta (Aldgryksk: Κλέαρχος, Kléarchos; Sparta, ±450 f.Kr. – Kûnaksa (Mesopotaamje), 3 septimber 401 f.Kr.) wie in Aldgryksk generaal dy't yn 'e Peloponnezyske Oarloch foar syn thússtêd Sparta focht. Letter waard er foar oerhearrigens troch de Spartaanske autoriteiten fûgelfaai ferklearre, wêrnei't er as hierling tsjinst naam yn it leger fan 'e Perzyske prins Syrus de Jongere. Nei de nederlaach yn 'e Slach by Kûnaksa waard er mei de oare Grykske legeroanfierders troch de Perzen ferriedlik fermoarde.
Fluch de feiten
Kleärchus fan Sparta | ||
militêr | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
namme folút | Κλέαρχος (Kléarchos) | |
nasjonaliteit | Spartaansk | |
berne | ±450 f.Kr. | |
berteplak | Sparta | |
stoarn | 3 septimber 401 f.Kr. | |
stjerplak | Kûnaksa (Mesopotaamje) | |
etnisiteit | Gryksk | |
wurkpaad | ||
heechste rang | generaal (strategos) | |
befel | de Tsientûzen | |
konflikt(en) | Peloponnezyske Oarloch Fjildtocht fan de Tsientûzen | |
treffen(s) | Slach by Kûnaksa |
Slute