Kjifstikelbaarchdieren fan de Nije Wrâld
From Wikipedia, the free encyclopedia
De kjifstikelbaarchdieren fan de Nije Wrâld (Latynske namme: Caviomorpha) foarmje in lytsskift fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e kjifstikelbaarcheftigen (Hystricomorpha) en it tuskenskift fan 'e kjifstikelbaarchdieren (Hystricognathi). Ta dizze taksonomyske groep hearre û.m. soarten as de kavia, de tsjintsjilla, de oerzon (of Noardamerikaanske beamkjifstikelbaarch), de as eksoat ek yn Nederlân foarkommende beverrôt, en de kapibara, it grutste kjifdier fan 'e wrâld. De kjifstikelbaarchdieren fan 'e Nije Wrâld binne yn it ferline in hoartsje bûten it skift fan 'e kjifdieren pleatst, mar wurde no rûnom erkend as ûnderdiel derfan.
Fluch de feiten
Kjifstikelbaarchdieren fan de Nije Wrâld | ||
In kapibara (Hydrochoerus hydrochaeris), it grutste kjifdier fan 'e wrâld. | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | sûchdieren (Mammalia) | |
skift: | kjifdieren (Rodentia) | |
ûnderskift: | kjifstikelbaarcheftigen (Hystricomorpha) | |
tuskenskift: | kjifstikelbaarchdieren (Hystricognathi) | |
lytsskift: | kjifstikelbaarchdieren fan de Nije Wrâld (Caviomorpha) | |
Wood, 1955 | ||
Slute