Keninkryk Noardumbrje
From Wikipedia, the free encyclopedia
Noardumbrje (Ingelsk: Northumbria) wie ien fan de wichtige Angelsaksyske keninkriken yn Ingelân foar Willem de Oermasterder. It hearde ta wat wol de heptargy neamd wurdt. De namme ferwiist nei it gebiet, noardlik fan de rivier de Humber.
Dat gebiet strekte him út fan de Humber oant de Forth. It keninkryk ûntstie út de gearfoeging fan twa oare riken: Deira en Bernisia. Kening Edwin ( 616 - 632 ) fierde yn 627 it kristendom yn en wie Bretwalda fan Ingelân fan 627 oant 632. Ek syn opfolgers Oswald (633-641) en Oswiu (641-670) droegen dy titel.
Yn 810 of koart dêrfoar kaam Eanred, soan fan Eardwulf, op de troan en hearske oant 841. Under syn regear erkende Noardumbrje yn 827 it oppergesach fan Egbert, kening fan Wesseks. Yn 954 hâlde Noardumbrje op te bestean as selsstannich keninkryk.
De namme Noardumbrje wurdt om histoaryske en toeristyske redenen tsjintwurdich hieltyd faker brûkt. Fierders wurdt de namme fan it âlde keninkryk noch fuortset yn it greefskip Noardumberlân.