From Wikipedia, the free encyclopedia
Keitum (Deensk: Kejtum, Noard-Frysk: Kairem) is in doarp op it eilân Söl yn it distrikt Noard-Fryslân yn Sleeswyk-Holstein, Dútslân. It is no in Ortsteil fan de Gemeente Sylt.
Keitum Kejtum/Kairem | ||
It Friesenhaus út 1784 | ||
Polityk | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Sleeswyk-Holstein | |
Distrikt | Noard-Fryslân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 880 (2013) | |
Oerflak | km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC+1 | |
Simmertiid | UTC+2 | |
Offisjele webside | ||
Webstee gemeent Sylt |
It is net dúdlik wêr't de namme Keitum (Kairem, Kejtum) fan ôflaat is. Ien teory seit dat de namme ferwiisd nei "hiem fan Kei(t)". It soe ek kinne dat Keitum fan "Heidum" komt ('op de heide').
Yn 2013 hie Keitum in fêste befolking fan sa'n 880 minsken. Nochris 900 persoanen hawwe in twadde wente yn it doarp.
Lykas ek oare plakken op Söl is toerisme de wichtichste ekonomyske faktor. Sûnt 1950 mei it doarp him Luftkurort neame. Keitum is bekend om syn grut tal tradisjonele huzen, dêr't in protte fan mear as 200 jier âld binne, en syn leanen mei beammen. De oarspronklike ipebeammen giene dea yn de 90-er jierren, mar waarden ferfongen troch kastanjebeammen en linebeammen. Fierder sitte der in protte ambachtslju yn Keitum (edelsmeden, wevers en pottebakkers).
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.