Keeseekoose Reservaat 66
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Keeseekoose Reservaat 66 (Ingelsk: Keeseekoose 66 Reserve) is in reservaat fan 'e Keeseekoose Earste Naasje (Keeseekoose First Nation), in erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Kanadeeske provinsje Saskatchewan. It waard yn 1874 stifte as útfloeisel fan it Ferdrach Nû. 4, ien fan 'e regionale, saneamde Nûmere Ferdraggen tusken de ûnderskate Yndiaanske folken en de Kanadeeske autoriteiten. It wie oarspronklik fêstige oan 'e igge fan 'e Swan yn súdeastlik Manitoba, mar jierlikse oerstreamings dêre twongen ta ferpleatsing fan it reservaat, mei as gefolch dat it binnen de grinzen fan Saskatchewan kaam te lizzen.
Fluch de feiten
Keeseekoose Reservaat 66 Keeseekoose 66 Reserve | ||
polityk | ||
haadplak | Kamsack (Saskatchewan) (bûten it eigentlike reservaat) | |
stamme | Keeseekoose Earste Naasje | |
lân | Kanada | |
provinsje | Saskatchewan | |
sifers | ||
ynwenners | 679 (2018) | |
oerflak | 69,3 km² | |
bef.tichth. | 9,8 / km² | |
oar | ||
stifting | 1874 | |
tiidsône | UTC –6 | |
simmertiid | UTC –5 | |
webside | www.keeseekoose.com | |
kaart | ||
De lizzing fan it reservaat yn Saskatchewan.
|
Slute