From Wikipedia, the free encyclopedia
De Kazakken of Kazachen (net betize mei de Kozakken, in oar folk) binne in Turksk folk dat yn de noardlike parten fan Sintraal Aazje wennet (foar it meastepart yn Kazakstan, mar ek yn dielen fan Oezbekistan, Sina, Ruslân en Mongoalje. Sy binne de neisieten fan Turks-Mongoalske folken dy't om-ende-by tûzen jier lyn yn harren hjoeddeistige wengebiet arrivearren. Harren taal makket ûnderdiel út fan noardwestlike groep fan de Turkske talen.
Tradisjoneel sjoen hearre de Kazakken ta de grutste nomadefolken fan Sintraal-Aazje. Mei grutte keppels skiep, hynders, kamelen, jaks, kij en geiten loeken sy oer de grutte steppen en troch woastyngebieten fan Kazakstan. Dêrby wenje sy yn de maklik te ferfieren joerten Tsjintwurdich libje in protte ek fan de hannel en it hânwurk, benammen filtborduersel, houtsnijwurk en learbewurking. Oaren hawwe har as boer festige en libje no fan de ikkerbou (garst, weet). Trochdat de Kazakken in nomadebestean libben koe de pas yn de 19e iuw yntrodusearre islam mar oerflakkich trochkringe, dêrtroch komme by de Kazakken noch in soad gebrûken fan eardere tiden foar, bygelyks de sjamanekultys en foarâldenferearing.
In kar:
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.