Kamjanske
From Wikipedia, the free encyclopedia
Kamjanske (Oekraynsk: Кам'янське) is in stêd yn de Oekraïne, yn de oblast Dnjepropetrovsk. Tusken 1936 en 2016 hjitte de stêd Dniprodzerzjynsk. Dy namme ferwiisde tagelyk nei de Dnjepr as nei Feliks Dzerzjinski, de oprjochter fan de Tsjeka, de earste bolsjewistyske geheime tsjinst.
Fluch de feiten
Kamjanske | ||
Prometej | ||
Polityk | ||
Lân | Oekraïne | |
Oblast | Dnipro | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 229.794 (2021) | |
Oerflak | 138 km² | |
Befolkingsticht. | 1.700/km² | |
Oar | ||
Stifting | 1750 | |
Offisjele webside | ||
www.dndz.gov.ua |
Slute
Kamjanske leit oan de rivier de Dnjepr en is feitlik in satellytstêd fan de miljoenenstêd Dnipro. De stêd is bekend fanwege dat Sovjetlieder Leonid Brezjnev dêr berne waard.
Fan 1941-1943 waard Kamjanske troch de Dútske Wehrmacht beset en foar in grut part ferneatige.