Kûkherne
From Wikipedia, the free encyclopedia
From Wikipedia, the free encyclopedia
Kûkherne is in buorskip dy't ferdield leit oer de gemeenten Achtkarspelen, Dantumadiel en Tytsjerksteradiel. It leit foar it measteaprt yn 'e himrik fan it Achtkarspelster doarp Koatstertille.
It earste diel fan de namme is ûnbekend, 'herne' betsjut 'hoeke'. Kûkherne leit súdlik fan de spoarbrêge oer de Nije Feart tusken De Westereen en Feanwâlden. It noardlike diel heart ta De Westereen. By de ferbreding fan de brêge oer de De Swemmer (1881) waard de buorren (ûnder Tytsjerksteradiel) ôfbrutsen. Yn de 19e iuw it wenplak fan de wûnderdokter en duvelbanner "Grutte Wopke" (Wopke Harmens de Vries, 1821 - 1895).
Eartiids wie hjir in soad drokte fan skippers en troch de feanterij, dêr't de buorskip troch ûntstien is. Fan om 1760 oant 1906 stie dêr yn it Dantumadielster part de bûtenpleats Jagtlust.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.