Juelz Ventura
From Wikipedia, the free encyclopedia
Juelz Ventura, echte namme: Shayna Lefèvre (Brasilia, 31 july 1987), is in Brazyljaansk-Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan mingd etnysk komôf, dy't berne waard yn Brazylje, mar opgroeide yn 'e Feriene Steaten. Hja hat yn it ferline ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Layna Laurel en Shayne St. Lucia. Ventura sette yn 2008 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile sûnt yn frijwat films. Dêrby hat se grutte populariteit krigen ûnder de fans, en yn 2011 wûn se twa AVN Awards (de Oscars fan 'e pornoyndustry).
Fluch de feiten
Juelz Ventura | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen | Juelz, Shayne St. Lucia, Layna Laurel | |
echte namme | Shayna Lefèvre | |
nasjonaliteit | Brazyljaansk Amerikaansk | |
berne | 31 july 1987 | |
berteplak | Brasilia (Brazylje) | |
etnisiteit | Brazyljaansk Joadsk Libaneesk Sisyljaansk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, stripper, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 2008 – no | |
offisjele webside | ||
www.juelz-ventura.com |
Slute