Josiah Wedgwood
From Wikipedia, the free encyclopedia
Josiah Wedgwood (12 july 1730 – 3 jannewaris 1795) wie in Ingelske ûndernimmer, dy't oan de widze stie fan it fabryksmjittich meitsjen fan ierdewurk, it ferneamde Wedgwood-porsleinguod. Hy wie ek in foaroansteand tsjinstanner fan de slavernij, dy't namme makke mei syn anti-slavernij medaljon, mei as opskrift: Am I Not A Man And A Brother?. Hy wie in lid fan de Darwin-Wedgwood famylje. Charles Darwin wie syn pakesizzer.