From Wikipedia, the free encyclopedia
John Brendan Keane (Listowel, 21 july 1928 - dêre, 30 maaie 2002) wie in Iersk toaniel- en romanskriuwer.
Nei syn stúdzjes holp er fan 1946 oant 1951 yn in apteek. Fan 1951 oant 1955 wenne er yn Grut-Brittanje en kaam er troch de tiid mei it opknappen fan allerhanne putsjes. Yn 1955 gie er werom nei Listowel en iepene dêr in kafee. Yn 1991 waard er lid foar it libben fan de Royal Dublin Society. Teffens hat er foarsitter west fan de Ierske PEN-klub en wie er warber yn de groep Aosdána, dy't him dwaande hâldt mei beurzen foar Ierske keunstners. Keane wie lid fan de Fine Gael-partij en die geregeldwei mei oan politike debatten.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.