![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/9/99/Anton_Raphael_Mengs_016.jpg/640px-Anton_Raphael_Mengs_016.jpg&w=640&q=50)
Joazef fan Nazaret
From Wikipedia, the free encyclopedia
Joazef (Hebriuwsk: יוֹסֵף; Gryksk: Ἰωσήφ; betsjutting: God hat tafoege) fan Nazaret is yn it Nije Testamint de breugeman fan Marije, de mem fan Jezus. Neffens de bibelske ferhalen wie Joazef in timmerman út Nazaret. Dêrom wurdt Joazef yn de ikonografy fakentiden mei timmermansark út- en ôfbylde.
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/9/99/Anton_Raphael_Mengs_016.jpg/640px-Anton_Raphael_Mengs_016.jpg)
Anton Raphael Mengs (1773)
Joazef stamde út it skaai fan kening David, fan wêr út neffens de profesij fan it Alde Testamint de Messias stamme soe.