Joast Hiddes Halbertsma
From Wikipedia, the free encyclopedia
Joast Hiddes Halbertsma (folút: Justus Hiddes Halbertsma; Grou, 23 oktober 1789 - Dimter, 27 febrewaris 1869)[1][2][3] wie in Frysk skriuwer, dichter, dûmny, leksikograaf en taalwittenskipper.[4] Hy kaam benammen bekend te stean om 'e ferhale- en dichtbondel De Lapekoer fan Gabe Skroar, dy't er mei syn broer Eeltsje skreau, en wêrfan't de earste printinge yn 1822 publisearre waard.[5][6] Neitiid waard dat wurk almar fierder útwreide, ek mei bydragen fan 'e trêde broer, Tsjalling, oant alle proaza en poëzij fan 'e bruorren Halbertsma yn 1871 postúm sammele waard en ferskynde as de ferneamde Rimen en Teltsjes.[7][8] Hoewol't de literêre wearde fan 'e bondel neitiid troch guon resinsinten yn 'e kiif steld waard,[9] is it net te ûntstriden dat de Rimen en Teltsjes in rol fan krúsjaal belang spilen by it ûntjaan fan in nije literêre Fryske tradysje nei't de taal trije iuwen lang suver allinnich as sprektaal brûkt wie.[10][11]
Joast Hiddes Halbertsma | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Justus Hiddes Halbertsma | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 23 oktober 1789 | |
berteplak | Grou (Fryslân) | |
stoarn | 27 febrewaris 1869 | |
stjerplak | Dimter (Oerisel) | |
etnisiteit | Frysk | |
wurk | ||
taal | Frysk, Nederlânsk, Latyn | |
sjenre | koarte ferhalen, poëzij, wittenskiplike non-fiksje | |
perioade | 19e iuw | |
streaming | Romantyk | |
bekendste wurk(en) | Rimen en Teltsjes Lexicon Frisicum | |
útjouwer | fa. J. de Lange | |
jierren aktyf | 1822 – 1869 | |
offisjele webside | ||
Joast Hiddes Halbertsma yn de Kanon fan de Fryske Skiednis |