Joadske Autonome Oblast
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Joadske Autonome Oblast (JAO; Russysk: Евре́йская автоно́мная о́бласть, Yevreyskaya avtonomnaya oblast; Jiddysk: ייִדישע אװטאָנאָמע געגנט, yidishe avtonome gegnt; [jɪdɪʃɛ avtɔnɔmɛ ɡɛɡnt]) is ien fan de dielgebieten fan Ruslân yn it Russyske Fiere Easten. It grinzget oan de oblast Amoer yn it noardwesten, oan de kraj Chabarovsk yn it noarden en it easten en oan Sina yn it suden en westen. Foar 1934 wie it part fan de kraj Chabarovsk. Sûnt 7 maaie 1934 is it in autonome oblast. De haadstêd is Birobidzjan.
Fluch de feiten flagge, wapen ...
Joadske Autonome oblast Еврейская автономная область ייִדישע אװטאָנאָמע געגנט | |
---|---|
| |
flagge | wapen |
sifers | |
soarte gebiet | Autonome oblast |
ynwennertal | 162.014 (rûzing 2018) |
oerflak | 36.000 km2 |
befolkingstichtens | 4,9/km2 |
polityk | |
lân | Ruslân |
federaal distrikt | Fiere Easten |
ekonomyske regio | Fiere Easten |
haadplak | Birobidzjan |
grutste plak | Birobidzjan |
bestjoer | Regionaal Parlemint fan de JAO |
gûverneur | Rostislav Goldshteyn |
oar | |
offisjele taal | Russysk, Jiddysk |
stifting | 7 maaie 1934 |
tiidsône | UTC +10 |
koördinaten | 48° 36' NB, 132° 12' EL |
nûmerboerd | 79 |
webside | http://www.eao.ru/ |
Slute
Neffens kêst 65 fan de Grûnwet fan de Russyske Federaasje is de JAO de iennige autonome oblast yn Ruslân. It is ien fan twa gebieten yn de wrâld mei in offisjele Joadske status. De oare is Israel.