Joël (bibelboek)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Joël, yn it oarspronklike Hebriuwsk: יואל, Yoel, is in tekst út sawol de joadske as de kristlike Bibel. Yn 'e joadske Tenach makket it ûnderdiel út fan it boek תרי עשר, Ṯrei Asar, dat "De Tolve" betsjut (t.w. de tolve Lytse Profeten, dy't yn 'e joadske Bibel gearboske wurde ta ien inkeld boek (it 13de fan 24). Yn it Alde Testamint fan 'e kristlike Bibel foarmet Joël in bibelboek op himsels, it 29ste fan 39 (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978), dat yn 'e offisjeuze ûnderferdieling fan 'e bibelboeken ta de Lytse Profeten heart (dy't sa neamd wurde om't dy teksten frij koart binne yn ferhâlding ta de saneamde Grutte Profeten). Yn Joël binne de profesijen fan 'e joadske profeet Joël, soan fan Petûel fêstlein. De earste Fryske oersetting fan Joël waard yn 1898 makke troch Sake Kornelis Feitsma.
Joël | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | יואל ("Yoel") | |
auteur | Joël | |
taal | Hebriuwsk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 520 – 500 f.Kr. | |
bondel | Bibel | |
rige | ||
rige | Alde Testamint | |
● foarich diel | Hoséa | |
● folgjend diel | Amos | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Joël | |
publikaasje | [net útjûn, (1898)] | |
oersetter | Sake Kornelis Feitsma |