Jern is in tried dy't makke wurdt troch spinnen of troch in spinproses foar filamintjern.

Thumb
Pypkes jern

Jern wurdt tapast yn:

  • Tekstyl wurdt makke troch jern te weevjen, te breidzjen, te haakjen of te knoopjen.
  • Tou wurdt makke troch jern te twynjen, te slaan of te flechtsjen.
  • Mei naaijern kinne stikken tekstyl oan elkoar naaid wurde, bygelyks om klean te meitsjen.

Jern kin makke wurde fan ferskate soarten trieden, bygelyks katoen, flaaks, wol en syntetyske trieden.

Soarten naaijern

Naaijern is der yn ferkate soarten en mjitten.

Sierjern

Dit jern wurdt brûkt foar it stikjen fan naden en sierstiksels op mear swiere stoffen, sa as spikerstof. It jern is dikker as it gewoane stikjern en wurdt allinne boppe-op de masine brûkt, ûnderyn, op de spoel, wurdt deselde kleur jern fan gewoane dikte brûkt.

Polyesterkatoenjern

Dit jern hat de sterkte fan katoen en de linigens fan polyester, dat it is yn 't generaal in ideaal jern. Omdat it jern elastysk is, is it ek gaadlik foar breidene stoffen.

Riuwtried

Riuwtried wurdt brûkt om te riuwen en is meast fyn en makke fan katoen.

Sidejern

Siden tried is djoerder as normaal jern, mar gaadlik foar hantnaaiwurk omdat it sêft is en maklik te brûken. Siden jern wurdt ek faak brûkt foar sierstiksels.

Commons
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Yarn

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.