From Wikipedia, the free encyclopedia
Japansk skaken (Japansk: shōgi; útspr.: [ʃoːɡi], likernôch: "sjoo-gy") is in foarm fan it skaakspul, sa't dy ûntstean liket te wêzen yn Japan.
It komôf fan it spul is dúdlik it Yndyske Tsjatoeuranga, mar like dúdlik heart it ta in oar skaai as skaken. It grutste ferskil is dat stikken dy't slein binne troch de oare spiler wer ynbrocht wurde kinne as in stik foar de oare kant. Dat is yn ferhâlding lykwols in nije ûntjouwing, út de 16e iuw.
Japansk skaken is a skaakspul foar twa, elts mei 20 stikkken, mei de der't de stikken allinnich ferskille yn de rjochting dy't hja hawwe. Stikken dy't it spiler nimt, kinne dêrnei troch dy spiler wer ynbrocht wurde mei de stikken de oare kant út. Stikken dy't op it boerd lizze, kinne oare stiken net foarby. Allinnich dat at in fijandich stik is, dan kin it slein wurde. De winstkondysje is it nimmen fan de generaal fan de oare spiler.
Lykas skaken is ek Japansk skaken ien soarte yn in skaai fan besibbe boerdspullen.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.