Jane Seymour (aktrise)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Jane Seymour (berne as Joyce Penelope Wilhelmina Frankenberg Hayes, 15 febrewaris 1951) is in Britsk-Amerikaanske aktrise en filmprodusinte, dy't it meast ferneamd wurden is fan har haadrol yn Dr. Quinn, Medicine Woman. Njonken dat spile sy ek yn in protte telefyzjefilms en wie se it 'Bond-famke' yn de James Bond-film Live and Let Die (1973).
Seymour krige har toanieloplieding oan de ûnôfhinklike Arts Educational School, Tring Park yn it Ingelske greefskip Hertfordshire.