Jamesbaai
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Jamesbaai (Ingelsk: James Bay; Frânsk: Baie James; Kry: Wînipekw) is in baai dy't oan 'e súdkant fan 'e folle gruttere Hudsonbaai útstiket yn 'e lânmassa fan Noard-Amearika op. Dit wetter mjit op it langste punt 443 km fan noard nei súd, en op it breedste punt 217 km fan east nei west. It is yn trochsneed omtrint 60 m djip. By de rivieren lâns dy't yn 'e Jamesbaai ôfwetterje, binne ferskate grutte wetterkrêftsintrales oanlein yn it ramt fan it Jamesbaaiprojekt. Krekt as de rest fan 'e Hudsonbaai befriest de Jamesbaai by 't winter; hoewol't it it lêste part fan 'e Hudsonbaai is dat befriest, is it it earste dat by 't maityd wer ûntteit.
Fluch de feiten
Jamesbaai | ||
In satellytfoto fan 'e Jamesbaai by 't simmer. | ||
geografy | ||
type wetter | rânesee | |
lokaasje | eastlik Kanada | |
lân | Kanada | |
koördinaten | 53°05′ N 80°35′W | |
ûnderdiel fan | Hudsonbaai | |
sifers | ||
maks. lingte | 443 km | |
maks. breedte | 217 km | |
djiptegemiddelde | 60 m |
Slute