Jack Ruby
From Wikipedia, the free encyclopedia
Jack Ruby (berne as: Jacob Leon Rubenstein; Chicago, 25 maart 1911 – Dallas, 3 jannewaris 1967), wie in Amerikaansk nachtklubeigner fan Poalsk-Joadsk komôf, dy't konneksjes mei de maffia hie. Op 24 novimber 1963 skeat er yn 'e garaazje ûnder it haadburo fan 'e plysje te Dallas Lee Harvey Oswald dea, de fermoedlike moardner fan 'e Amerikaanske presidint John F. Kennedy. De moard waard troch in oanwêzige kameraploech filme en live útstjoerd. Ruby waard derfoar feroardiele en krige yn earste ynstânsje de deastraf, al waard him letter in nij proses tasein. Wylst er dêrop wachte, kaam er yn 'e finzenis te ferstjerren oan in longemboly, feroarsake troch longkanker.
Fluch de feiten
Jack Ruby | ||
![]() | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Jacob Leon Ruby | |
oare namme | Jacob Leon Rubenstein | |
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 25 maart 1911 | |
berteplak | Chicago (Illinois) | |
stoarn | 3 jannewaris 1967 | |
stjerplak | Dallas (Teksas) | |
etnisiteit | ![]() | |
wurkpaad | ||
berop/amt | nachtklubeigner | |
aktyf as | krimineel | |
jierren aktyf | 1947 – 1963 | |
reden bekendheid | wie de moardner fan Lee Harvey Oswald |
Slute