J. Kessels
film út 2015 fan Erik de Bruyn / From Wikipedia, the free encyclopedia
J. Kessels (ynternasjonale titel: Road Duster) is in Nederlânsk roadmovie en komeedzje út 2015 ûnder rezjy fan Erik de Bruyn, mei yn 'e haadrollen Fedja van Huêt en Frank Lammers. De titel ferwiist nei de eigensinnige haadpersoan fan it boek dat skreaun wurdt troch de haadpersoan fan 'e film. J. Kessels waard basearre op 'e roman mei hast deselde namme fan P.F. Thomése. It ferhaal folget in skriuwer dy't wrakselet mei writer's block. Hy giet dêrom mei de haadpersoan út syn eigen boek op in hallusinotoire reis nei Hamburch wylst er tramtearre wurdt troch oantinkens oan it famke dêr't er as jonge smoarfereale op wie.
Fluch de feiten
J. Kessels | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Erik de Bruyn | |
produsint | Sander Verdonk Denis Wigman | |
senario | Jan Eilander | |
basearre op | de roman fan P.F. Thomése | |
kamerarezjy | Danny Elsen | |
muzyk | Björn Eriksson | |
filmstudio | CTM LEV Pictures | |
distribúsje | September Film | |
spilers | ||
haadrollen | Fedja van Huêt Frank Lammers | |
voice-over | Fedja van Huêt | |
byrollen | Marc Lauwrys Romi van Renterghem Ruben van der Meer Annick Christiaens | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Nederlân | |
premiêre | 23 septimber 2015 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | roadmovie-komeedzje | |
taal | Nederlânsk (ek in bytsje Dútsk en Ingelsk) | |
spyltiid | 107 minuten | |
budget en resultaten | ||
prizen | 1 × Gouden Keal |
Slute