Ivan Gontsjarov
From Wikipedia, the free encyclopedia
Ivan Aleksandrovitsj Gontsjarov (Russysk: Иван Александрович Гончаров, sekuere transliteraasje: Ivan Aljeksandrovič Gončarov) (18 juny 1812 - 27 septimber 1891) wie in Russysk skriuwer, amtner op it ministearje fan finânsjen en sensor. Hy waard berne yn Simbirsk as soan fan in nôtkeapman. Op syn tsiende waard Ivan nei in kostskoalle yn Moskou stjoerd. Letter studearre er letteren oan de universiteit yn Moskou. Gontsjarov waard amtner en makke stadichoan karriêre, earst yn Simbirsk en letter yn Sint-Petersburch. Hy is wrâldferneamd wurden mei syn roman Oblomov.
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/7/70/Goncharov001.jpg)