It Hegelân
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Hegelân (Grinslânsk: ’t Hoogelaand; Nederlânsk: het Hogeland) is in gemeente yn it noardwestlik diel fan de provinsje Grinslân. De gemeente ûntstie op 1 jannewaris 2019 troch gearfoeging fan de gemeenten Bedum, Iemsmûn, De Marne en in diel fan Winsum. It Hegelân is wat oerflak oanbelanget in tige grutte gemeente en de plakken Bedum, Liens, Winsum en Uthuzen binne gemeentlike sintra. Yn Uthuzen komt it gemeentebestjoer en de gemeenteried by inoar. De gemeente hie op 1 jannewaris 2024 48.231 ynwenners (boarne: CBS).
Fluch de feiten flagge, wapen ...
It Hegelân
Het Hogeland | |
---|---|
flagge | wapen |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Grinslân |
boargemaster | Henk Jan Bolding (waarnimmend) |
sifers en geografy | |
haadplak | Uthuzen |
grutste plak | Bedum |
ynwennertal | 48.231 (1 jannewaris 2024) |
befolkingstichtens | 55 / km² |
oerflak | 907,71 km² |
● wêrfan lân | 482,82 km² |
● wêrfan wetter | 424,89 km² |
tal doarpen | 51 |
ferkearsieren | N361, N363, N46, |
skiednis | |
oprjochte | 2019 |
Oant 2019 | De Marne Bedum Iemsmûn, Winsum (foar in part) |
oar | |
netnûmer | 050, 0595, 0596 |
postkoade | 9350, 9351, 9363, 9800, 9801, 9860, 9861 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | hethogeland.nl |
Slute