Irvine (Kalifornje)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Irvine (útspr.: ['œɹva:in]) is in stêd yn n 'e Amerikaanske steat Kalifornje, yn 'e regio Súdlik Kalifornje, dy't pas oan it begjin fan 'e 1970-er jierren fan 'e tweintichste iuw ûntstien is as in planearre stêd. Fanwegen syn goede ûnderwiis, húsfêsting en wurkgelegenheid waard de stêd yn 2012 troch de webside CNNMoney.com útkeazen as it op fiif nei bêste plak om te wenjen yn 'e Feriene Steaten. Neffens in offisjele skatting út 2013 hie Irvine doe krapoan 224.000 ynwenners, wêrmei't it nei Anaheim en Santa Ana de 3de stêd fan Orange County is, en fierders de 16de stêd fan Kalifornje en de 96ste fan 'e Feriene Steaten. Irvine heart ta de stêdekloft fan Los Angeles, dy't yn 2012 in befolking fan rom 12,8 miljoen hie.
Fluch de feiten
Irvine | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Kalifornje | |
County | Orange County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 223.729 (2013) | |
Oerflak | 172,1 km² (ynkl. wetter) 171,2 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 1.233,9 / km² | |
Stêdekloft | Los Angeles | |
Hichte | 17 m | |
Oar | ||
Stifting | 1970 | |
Tiidsône | UTC-8 | |
Simmertiid | UTC-7 | |
Koördinaten | 33°41′03″N 117°47′33″W | |
Offisjele webside | ||
www.cityofirvine.org | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Irvine yn Orange County en yn 'e steat Kalifornje. |
Slute