Indian River Reservaat
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Indian River Reservaat (Ingelsk: Indian River Reserve) is in Yndianereservaat yn it suden fan 'e Kanadeeske provinsje Ontario, deunby it doarp Port Carling. It leit oan 'e iggen fan 'e rivier de Indian River en fan 'e Rosseau-mar en wurdt omjûn troch it grûngebiet fan 'e gemeente Muskoka Lakes.
Indian River Reservaat Indian River Reserve | ||
polityk | ||
haadplak | — (ûnbewenne) | |
stamme | ||
lân | ![]() | |
provinsje | ![]() | |
distrikt | Muskoka | |
sifers | ||
ynwenners | 0 (ûnbewenne) | |
oerflak | 0,01 km² | |
bef.tichth. | n.f.t. | |
oar | ||
tiidsône | UTC –5 | |
simmertiid | UTC –4 | |
kaart | ||
De lizzing fan it reservaat yn Ontario.
|
It Indian River Reservaat hat in oerflak fan persiis 1 ha, en leit binnen de grinzen fan it distrikt Muskoka, hoewol't it dêr bestjoerlik fierhinne los fan stiet. It reservaat hat gjin permaninte bewenners, en wurdt dield troch twa Yndiaanske stamme-organisaasjes, te witten: de Tsjippewa's fan Rama Earste Naasje, wêrfan't de leden út etnyske Odjibwe (Ojibwe) of Tsjippewa (Chippewa) besteane, en de Wahta Mohôks, wêrfan't de leden etnyske Mohôk (Mohawk) binne.