Independent Spirit Award
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Independent Spirit Awards binne in groep Amerikaanske filmprizen dy't op jierlikse basis útrikt wurde oan ûnôfhinklike filmmakkers (dy't dus net wurkje foar ien fan 'e grutte Hollywood-studio's) en harren produksjes. Dizze prizen waarden yn 1984 ynsteld en foar it earst útrikt, en hieten oarspronklik de Friends of Independent Film Awards of FINDIE's. Yn 1986 krigen se har hjoeddeistige namme.
Independent Spirit Awards | ||
algemiene ynformaasje | ||
hist. namme | Friends of Independents Awards (FINDIE's) | |
nasjonaliteit | ![]() | |
útrikt foar | ûnôfhinklike films | |
útrikt troch | Film Independent | |
frekwinsje | 1x jiers | |
datum | febrewaris/maart | |
plak | Santa Monica (Kalifornje) | |
ynsteld | 1984 | |
1e útrikking | 1984 | |
offisjele webside | ||
www.spiritawards.com |
De Independent Spirit Awards wurde útrikt troch de organisaasje Film Independent. De útrikkingsseremoanje fûn oarspronklik plak yn in tinte op it strân by Santa Monica, yn súdlik Kalifornje. Dat is noch altyd de lokaasje fan 'e seremoanje, mar it wurdt no net mear yn in strântinte dien. Sûnt 1999 wurde de Independent Spirit Awards útrikt op 'e dei foar de útrikking fan 'e Oscars; foartiid waard it dien op 'e sneon foar de Oscar-útrikking. Sûnt 1994 wurdt de seremoanje live útstjoerd troch it Bravo Network en it Independent Film Channel.