Bou is it op kommersjële basis ferbouwen fan gewaaksen dy't troch de gruthannel opkocht wurde.
Typyske bouwaaksen binne: sûkerbiten, jirpels, nôtsoarten, snijmaïs, rizelflaaks, koalsied en sûkerei.
- trekker,
- wein, karre, kiper,
- ploech, igge, kultivator, frees, ferkrommelder
- siedmasine, jirpelpoatmasine,
- lânbouspuit, skoffel, skoffelmasine, houk
- seine, sichte, terskkneppel/flaai
- terskmasine, meantersker (kombine), dolmasine, bitedoller, jirpeldolmasine, maïshakselder
- bunker, opfierbân, sortearmasine
- balepers
Histoarje
Fanâlds wie der op de klaai ien bedriuwsfoarm (feehâlderij mei wat boulân foar eigen gebrûk). Yn De Wâlden wie doe al meast bou. Doe't it tal wurkkrêften tanaam mei it weromrinnen fan de Fryske Eastseefeart (13e iuw) rûnnen de Bouhoeke en de Greidhoeke mear útelkoar. De oanfier yn de 15e iuw barde dan ek yn Ljouwert en Frjentsjer en net yn Snits en Boalsert.
Yn de 16e iuw lei yn de Greidhoeke in soad graslandt ende dat plach saetlandt to wesen, wylst yn de Bouhoeke al boulân lei yn Mieden en Kegen, wat altyd healân of skieppe- of hokkelingegreide west hie. Ek skode men middels bou- of slatwâlen de bou foarút fan de terpen en hegere grûnen (Fjellingen, Iest en Geast) nei it doe foar bou net sa gaadlik legere fjild. In soad ferskowings gienen yn de 19e iuw troch. (sjoch ek by Flaaks)
Sjoch ek
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.