In terrestryske planeet of ierdske planeet is in planeet dy't yn haadsaak bestiet út fêst stiente en/of metalen. Dat betsjut dat it relatyf lytse planeten binne mei in hege massatichtens. Us Sinnestelsel omfettet fjouwer fan sokke planeten: Merkuerius, Fenus, de Ierde en Mars. Troch astronomen dy't in geofysyske definysje fan in planeet brûke, wurde dêrnjonken soms ek guon oare himellichems ta de terrestryske planeten rekkene, te witten: de Moanne, de dwerchplaneet Seares, de moannen Io en Europa fan Jupiter en de rotsige protoplaneet-asteroïden Pallas en Festa.
Trochdat de terrestryske planeten by harren ûntstean tichteby de Sinne stiene, ferdampen de flechtige stoffen grutdiels en bleau der in rotseftich oerflak oer. Fan binnen besteane se benammen út metaal en stiente yn raande foarm. De Ierde hat in atmosfear dy't foar it meastepart út stikstof bestiet, mar ek soerstof befettet en in bytsje koalstofdiokside. Fenus en Mars hawwe in atmosfear dy't folslein út koalstofdiokside bestiet, wylst Merkuerius hielendal gjin atmosfear hat.
De planeten fan it Sinnestelsel dy't fierder fan 'e Sinne ôf steane as Mars, besteane foar in grut diel út 'e gassen wetterstof en helium. Se binne ek folle en folle grutter. It binne sadwaande gjin terrestryske planeten mar gasreuzen. Nei de tichtbyste, Jupiter wurde se ek wol Joviaanske planeten neamd (fan Iovis, de Latynske genityf of twadde namfal fan Jupiter). Saturnus is dúdlik ek in gasreus, mar de fierder by de Sinne wei steande reuzeplaneten Uranus en Neptunus wurde tsjintwurdich net mear sjoen as gasreuzen mar as iisreuzen.
Yn 2005 waarden foar it earst mooglik terrestryske eksoplaneten ûntdutsen, planeten yn in oar planetestelsel, dy't om in oare stjer hinne draaie. Dy planeten krigen de nammen OGLE-2005-BLG-390Lb en Gliese 876 d. De earste eksoplaneet wêrfan't mei wissichheid sein wurde koe dat it in terrestryske planeet wie, waard yn 2011 fûn en krige de namme Kepler-10b. It is no wis dat der bûten ús Sinnestelsel ek terrestryske planeten besteane dy't folle massiver binne as de Ierde, mei oant fiif kear de massa fan 'e Ierde. Sokke terrestryske planeten wurde superierden neamd.
Sjoch ek
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.