Idi i Smotri
film út 1985 fan Elem Klimov / From Wikipedia, the free encyclopedia
Idi i Smotri (Russysk: Иди и смотри, Idi i smotri, Wytrussysk: Ідзі і глядзі, Idzi i hljadzi; ynternasjonale titel: Come and See; yn Nederlân útbrocht as Kom en Zie) is in Sovjet-Russyske kriichsfilm út 1985. De film waard regisearre troch Elem Klimov. De haadrollen yn 'e film wurde troch Aleksej Kravtsjenko as Fljora en Olga Mironova as Glasja spile. De film giet oer wat de jonge Wytrussyske Fljora meimakket nei't er him tsjin it sin fan syn mem by de partizanen jout yn de tiid fan it troch de Dútsers besette Wyt-Ruslân yn 1943. Oer it algemien waard de film goed ûntfongen en it 14e Ynternasjonaal Filmfestival fan Moskou ferliende de film de FIPRESCI-priis. Sûnt wurdt 'Kom en Sjoch' ta de bêste films fan alle tiden rekkene.
Fluch de feiten
Idi i Smotri | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Elem Klimov | |
produsint | Mosfilm Belarusfilm | |
senario | Ales Adamovitsj Elem Klimov | |
kamerarezjy | Aleksei Rodionov | |
muzyk | Oleg Jantsjenko | |
filmstudio | WWF Entertainment Alphaville Films | |
distribúsje | Sovexportfilm | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Sovjet-Uny | |
premiêre | 9 july 1985 (Moskou) | |
foarm | langspylfilm | |
taal | Russysk, Wytrussysk, Dútsk | |
spyltiid | 142 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | USD 21 miljoen |
Slute