From Wikipedia, the free encyclopedia
Hudson is in doarp dat yn it westen fan 'e Kanadeeske provinsje Ontario leit, oan 'e igge fan Lost Lake en de rivier de English, net fier fan 'e súdlike igge fan 'e grutte mar Lac Seul. Hudson moat net betize wurde mei in lyknammich plak yn eastlik Ontario. Bestjoerlik falt it doarp ûnder de gemeente Sioux Lookout, dy't ta it mânske Kenora Distrikt heart.
Hudson hiet oarspronklik Rolling Portage. It earste postkantoar waard der yn 1919 iepene.
Hudson leit oan 'e transkontinintale haadspoarwei fan 'e Canadian National Railway, tusken de stasjons fan Webster yn it westen en Pelican yn it easten. It foarmet fierders it westlike einpunt fan 'e Autosnelwei 664 (Ontario), dy't súdwestlik fan it stedsje Sioux Lookout útkomt op Autosnelwei 72 (Ontario).
In grut diel fan 'e befolking fan Hudson bestiet út etnyske Odjibwe (Ojibwe), in Yndiaansk folk, dat ek wol bekend stiet as de Tsjippewa (Chippewa). Yn Hudson is it haadkertier fêstige fan 'e Lac Seul Earste Naasje (Lac Seul First Nation), in Odjibwe-stamme.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.