Hotel Lauswolt
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Hotel Lauswolt of it Lângoed Lauswolt is in eardere bûtenpleats yn it Fryske doarp Beetstersweach, dy't sûnt healwei de tweintichste iuw as hotel en resort tsjinst docht. It lângoed beskikt, njonken it tige deftige eigentlike hotelgebou, ek oer in heech oanskreaun restaurant, in golfbaan en oare foarsjennings. De namme 'Lauswolt' is yn Fryslân ferneamd, en is suver synonym mei lúkse en beslettenens. Yn it hotel útfanhûzje gauris ferneamde persoanen, en yn 2007 wie it it toaniel fan 'e Nederlânske kabinetsformaasje. Oant mids 2018 makke Lauswolt diel út fan 'e hotelkeatling Bilderberg.
Fluch de feiten
Hotel Lauswolt | ||
algemien | ||
hist. namme | Lângoed Lauswolt | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
type | privaat | |
sektor | horeka (hotel en resort) | |
fêstige yn | Beetstersweach (Fryslân) | |
oprjochte | 1954 | |
oprjochter | AFLM | |
eigner | Stifting FB Oranjewâld | |
offisjele webside | ||
www.lauswolt.nl |
Slute