Hollânsk klassisisme
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Hollânsk klassisisme wie fan de jierren 1620 ôf oant de ein fan de 17e iuw de wichtichste boustyl yn de Noardlike Nederlannen. De bloeiperioade fan it Hollânsk klassisisme leit tusken likernôch 1625 en 1665; wichtige fertsjintwurdigers binne de arsjitekten Jacob van Campen (1595–1657) en Philips Vingboons (1607–1678). It Hollânsk klassisisme gie fia de Strakke styl oer yn de lokale fariant fan de Loadewyk XIV-styl.