Hiroshige Ando
From Wikipedia, the free encyclopedia
Hiroshige Ando (Japansk: 安藤 広重, Andō Hiroshige), ek bekend as Hiroshige Utagawa (歌川 広重, Utagawa Hiroshige), (1797 - 12 oktober 1858, Edo) wie in Japansk keunstner.
Hy makke ukiyo-e (Japanske houtfyk-druk) printen. Hy waard it meast bekend fan syn lânskippen. Hy waard in ferneamd keunstner yn de perioade 1831-1834 mei de publikaasje fan De 53 halteplakken fan de Tōkaidō, in rige fan 55 printen mei de haltes en it begjin- en einpunt fan de Tōkaidō, de wichtichste dyk tusken Edo en Kyoto. Syn grutte súkses siet him efter en hie in perioade fan delgeande artistisiteit yn de jierren 1840-1850 fan gefolgen. Yn 1856 sette er út ein mei syn lêste grutte wurk, 'Hûndert ferneamde gesichten fan Edo'.
Katsushika Hokusai hat in boarne fan ynspiraasje west foar Hiroshige, mar Hiroshige hat sels it lânskipssjênre op briljante wize fierder ûntwikkele. De man fan Hiroshige syn adoptearre dochter folge him op as Hiroshige II.