Hindrik VI, Diel 2
From Wikipedia, the free encyclopedia
Hindrik VI, Diel 2, yn it oarspronklike Ingelsk: Henry VI, Part 2 (folút eins: The Second Part of Henry VI), is in toanielstik fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. It is yn prinsipe in trageedzje, hoewol't it yn 'e tradisjonele yndieling fan Shakespeare syn wurk ûnder de Shakespeariaanske histoaryske stikken falt. Sa't de titel al oanjout, is dit stik it twadde diel fan 'e toanieltrilogy dy't basearre is op it tumultueuze libben en bewâld fan kening Hindrik VI fan Ingelân, dy't regearre fan 1422 oant 1461. It wurdt gauris mei Hindrik VI, Diel 1 en Diel 3 en mei Richard III gearfoege ta in tetralogy (rige fan fjouwer stikken) dy't de hiele perioade fan 'e Roaze-oarloggen beslacht, fan 1455 oant 1485. It wie it súkses fan dizze opienfolging fan toanielstikken wêrmei't Shakespeare syn namme as toanielskriuwer fêstige.
Hindrik VI, Diel 2 | ||
Foarside fan in útjefte (ûnder in alternative titel) út 1600. | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Henry VI, Part 2 | |
auteur | William Shakespeare | |
taal | Ingelsk | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | trageedzje | |
skreaun | 1591 | |
1e publikaasje | 1594, Londen | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Kening Hindrik VI (2) | |
publikaasje | 1963, Drachten | |
útjouwer | Fryske Shakespeare Stifting | |
oersetter | Douwe Kalma |
Hindrik VI, Diel 2 begjint mei it houlik fan Hindrik VI mei de Frânske ealfrouwe Margareta fan Anzjû, yn 1445, en einiget mei it bloedbad dat de yorkisten ûnder de lankestrianen oanrjochten yn 'e Earste Slach by St. Albans, yn 1455, dat ornaris as it begjin fan 'e Roaze-oarloggen sjoen wurdt. It toanielstik giet benammentlik yn op it ûnfermogen fan Hindrik VI om syn eallju ûnder de tomme te hâlden, wat úteinlik de boargeroarloch tusken de beide tûken fan it Ingelske keningshûs mooglik makket. Hoewol't Hindrik VI, Diel 2 basearre is op histoaryske feiten, stie Shakespeare himsels aardich wat frijheden ta mei de stof, dat it ferhaal moat net foar wier oannommen wurde. Dit toanielstik hat it grutste tal spilers fan al Shakespeare syn stikken, en wurdt yn 'e regel beskôge as fierwei it bêste fan 'e Hindrik VI-trilogy. Hindrik VI, Diel 2 is nei gedachten yn 1591 skreaun, en waard foar it earst útjûn yn 1594. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma ferskynde yn 1963.