From Wikipedia, the free encyclopedia
De Tsjerke fan de Himelfeart fan Kristus (Russysk: Вознесенская церковь; Voznesenskaja tserkov) is ien fan 'e âldste otterdokse tsjerken yn 'e Russyske stêd Jekaterineburch.
Himelfearttsjerke
Вознесенская церковь | ||
Op de foargrûn de Himelfearttsjerke, op de eftergrûn de Bloedtsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Sverdlovsk | |
plak | Jekaterineburch | |
koördinaten | 56° 50' N 60° 36' E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1792-1818 | |
boustyl | barok, klassisisme | |
monumintale status | Federaal monumint | |
monumintnûmer | 661710779450006 | |
Webside | ||
voznesenka.cerkov.ru | ||
Kaart | ||
De earste Himelfearttsjerke waard yn maaie 1770 boud en op 19 septimber fan itselde jier ynwijd. Dy earste tsjerke wie in tige lytse houten konstruksje. It timpeltsje rekke al yn 1789 boufallich en op fersyk fan 'e parochy waard doe besletten in stiennen tsjerke fan twa ferdjippings te bouwen. Dat fûn syn beslach tusken 1792 en 1818.
De ûnder- of simmertsjerke waard wijd oan 'e Berte fan de Hillige Jongfaam Marije en de boppe- of wintertsjerke oan 'e Himelfeart fan 'e Hear. De tsjerke waard yn 'e 19e iuw ferboud en útwreide mei kappellen oan 'e súdlike en noardlike kant en yn it begjin fan 'e 20e iuw telde de tsjerke al seis kapellen.
Yn 1926 moast de tsjerke fan 'e nije autoriteiten de doarren slute en waard der yn it gebou in skoalle en dêrnei in museum fêstige.
Op 16 novimber 1990 naam it stedsbestjoer it beslut om de tsjerke werom te jaan oan 'e oarspronklike eigner en op 15 febrewaris 1991 koe der foar it earst sûnt lange tiid wer in tsjerketsjinst fierd wurde. Sûnt 1995 wie de Kazankapel tydlik yn gebrûk troch de mienskip fan 'e Aldleauwenden. De tsjerke ûndergyng yn dy tiid in grutte restauraasje. De oarspronklike dekoraasjes en de ikonostaze oerlibben de Sovjet-tiid net en moasten ferfongen wurde.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.